Rjochtsaak ATF pas takom jier

08 okt 2003 - 00:00

De rjochtsaak tsjin de direksje fan ATF is nei alle gedachten pas yn de rin fan takom jier. De ferwachting wie dat de saak fan de ôffalferwurker yn Drachten fan 't hjerst tsjinje soe.

De advokaten ha in fersyk yntsjinne om in lytse 100 tsjûgen te hearren. Dat fertraget de saak om't de ferklearrings opnommen wurde moatte yn it dossier. Op koarte termyn komt der in rezjysitting. De rjochtbank beslút dan watfoar tsjûgen en saakkundigen heard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)