Rjochts-radikalen yn Fryslân

16 des 2003 - 00:00

De rjochts-radikale partij Nieuw Rechts fan Michiel Smit komt nei Fryslân ta. Op 27 en 28 desimber bringt it Rotterdamse gemeenteriedslid in wurkbesite oan de Wâlden. De partij hâldt ek in ynformaasjegearkomste yn Ljouwert.

Smit rjochte de partij op nei't er út de fraksje fan Leefbaar Rotterdam stapt wie. Nieuw Rechts Fryslân wol yn 2006 yn ferskate Fryske gemeenten meidwaan mei de gemeenteriedsferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)