Rjochts-ekstremisme nimt ta

15 des 2006 - 16:39

Rjochts-ekstremisme yn Fryslân nimt ta en wurdt hurder. Dat makket de Universiteit fan Leiden bekend. Uterings fan rassisme wurde hieltyd gewelddadiger, mar faak bliuwt it by it útskellen fan bûtenlanners.

Yn Ljouwert moast freed in frou (18) foarkomme. Se krige in boete foar it útskellen fan in Antilliaanske frou. Se fynt dat bûtenlanners nei harren eigen lân werom moatte, sa sei se tsjin de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)