Rjochtlinen oer Frysk by FNP

16 maaie 2009 - 12:17
  • Taalgebrûk partijkader op papier

Foar it brûken fan it Frysk foar FNP kaderleden komme rjochtlinen. Dat is freed op in ledegearkomste fan de FNP besletten. It giet om in advys fan it haadbestjoer. De gearkomste woe de rjochlinen net twingend oplizze om't de saak gefoelich leit yn de partij.

Guon leden fine it betutteljend en net nedich, oaren binne benaud dat de FNP him sa ôfslút fan net-Frysktaligen. Neffens foarsitter Nynke Beetstra komt allinnich mar op papier te stean wat no al de praktyk is yn de partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)