Rjochtlinen foar omgean mei SARS

11 apr 2003 - 00:00

Húsdokters hawwe rjochtlinen krigen hoe't se omgean moatte mei mooglike gefallen fan SARS yn har praktyk. De rjochtlinen foar de tige besmetlike longsykte binne opsteld troch it Nederlands Huisartsen Genootschap, NHG.

Sa moatte assistinten ekstra fragen stelle oan pasjinten dy't har melde mei klachten oer koarts, hoastjen en koartademichheid. By in fermoeden fan SARS moat de pasjint thús bliuwe en moat de dokter in húsbesyk ôflizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)