Rjochtestúdzje Ljouwert better

25 aug 2009 - 15:04

Studinten Rjochten dy't it earste jier yn Ljouwert de oplieding dogge, helje bettere resultaten as de studinten dy't yn Grins kolleezjes folgje. Dat meldt de Ryksuniversiteit Grins. It is dit jier 25 jier lyn dat Ljouwert de propadeuze-oplieding rjochtsgeleardheid krige.

It idee wie doe dat learlingen dy't krekt klear wiene mei har VWO earder foar de universiteit kieze soene as dy ticht by hûs wie. Neffens in wurdfierder fan de RUG is dat ek sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)