'Rjochters net yn polityk'

31 okt 2009 - 10:00
  • De rjochtbank yn Ljouwert

Rjochters meie gjin riedslid wêze of lid fan provinsjale steaten. Dat fynt presidint Van der Kolk fan de rjochtbank yn Ljouwert.

By de ynstallaasje fan sân nije rjochters freed sei hy dat je as rjochter altyd ûnôfhinkelik wêze moatte. Mei in polityke funksje derby wurdt dat al gau dreech. Van der Kolk is net foar in beropsferbod. In goede rjochter soe sels besjen moatte hokker saken syn ûnôfhinklikheid beynfloedsje kinne, fynt de presidint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)