'Rjochters mear ûnder druk'

06 mrt 2006 - 11:21

Rjochters yn Ljouwert stean hieltyd faker ûnder grutte druk. Dat hat te krijen mei flaters dy't ferskate rjochtbanken op oare plakken yn it lân makke ha. In foarbyld is de Schiedamse parkmoard, wêrby't in man ûnterjochte feroardield waard ta 18 jier en tbs.

Dat soarte saken hat it imago fan de rjochtbank bot skeind. Dat seit presidint Hangelbroek fan de Ljouwerter rjochtbank. Hy hopet dat syn rjochtbank nea in ûnskuldige fonnisje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)