Rjochter wol swalkster hearre

23 mrt 2005 - 10:42

It gerjochtshôf yn Ljouwert wol foarearst gjin útspraak dwaan yn in heger berop fan in 45-jierrige swalker. De man wurdt fertocht fan brânstifing yn de binnenstêd fan Snits. Dat wie yn jannewaris 2004.

It hôf wol op de nije sitting noch in frou út Snits hearre dy't mooglik belutsen west hat by de brân. Sy soe foarsteld ha om brân te meitsjen om arresteard te wurden, sadat sy dy nacht yn de sel sliepe koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)