Rjochter wol jild foar beswier

28 sep 2012 - 19:42

It yntsjinjen fan beswier tsjin in belestingoanslach moat tenei jild kostje. Dat moat ek jilde foar oare beswierskriften. Dat seit presidint Van der Kolk fan de Ljouwerter rjochtbank. Dêrmei kin de wurkdruk by de rjochtbank fermindere wurde.

In grut part fan de beswierskriften is terjochte, mar fan oaren is al hiel gau dúdlik dat se der net ta dogge. In finansjele drompel fan 40 euro soe helpe kinne de stream te beheinen, sa tinkt Van der Kolk. Op it stuit is de wurkdruk by de rjochtbanken heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)