Rjochter: V&D mei leanen net ferleegje

23 feb 2015 - 12:53
  • V&D yn Ljouwert

De leden fan de fakbûnen FNV en CNV dy't by V&D wurkje, meie net koarte wurde op it lean. Dat hat de rjochter yn Amsterdam moandei bepaald. It giet om in útspraak yn in koart pleit dat troch de fakbûnen oanspand waard.

V&D fynt it nedich om de leanen nei ûnderen te bringen, omdat it konsern finansjele problemen hat. As de leanen net nei ûnderen gean, soe opnij in fallisemint driigje. V&D woe de leanen mei hast seis prosint koartsje. V&D hat ûnder oare in winkel yn Ljouwert.

Wurknimmers dy't net lid binne fan de twa bûnen meie wol koarte wurde op har lean. Neffens de rjochter hawwe de bûnen net oannimlik meitsje kinnen dat ek sy tsjin de koarting binne. V&D hat yntusken bekend makke yn berop te gean tsjin de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)