Rjochter stiet kninejacht op Skylge ta

26 nov 2014 - 16:26

De Faunabeskerming is teloarsteld dat op Skylge ek yn de takomst yn natuergebieten op kninen sketten wurde mei. De natuerorganisaasje hie de rjochter frege it ôfsjitten te ferbieden, mar dy is dêr net yn meigien. Neffens de Faunabeskerming soargje de kninen net foar skea op Skylge, wylst se om dy reden wol ôfsketten wurde meie.

De rjochter seit lykwols dat kninen op in lanlike list stean fan bisten dy't foar skea soargje en dat der dêrom ek op Skylge op jage wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)