Rjochter: ottertunnels nedich

24 maaie 2013 - 12:02
  • de deade otter by Dokkumer Nije Silen

It Ryk moat binnen in jier de knipepunten oplosse dêr't otters deariden wurde. Dat hat de rjochter yn Den Haach besletten yn de saak dy't oanspand wie troch de stifting Otterstasjon fan Addy de Jongh en Das en Boom fan Jaap Dirkmaat. It giet om knipepunten yn Fryslân, Oerisel, Flevolân en Gelderlân.

Neffens de rjochter foldocht it Ryk net oan de Europeeske beskermingsregels. Wylst it Ryk oansprutsen wurdt op dit probleem, moatte de provinsjes dit oplosse. Hjirfoar moatte wyldtunnels of fiadukten oanlein wurde en dat is net goedkeap.

Sokke foarsjennings binne nedich om de otters feilich oan de oare kant fan in dyk of spoar te krijen. Foaral ottermantsjes swalkje in soad op syk nei nije gebieten. Koartlyn is noch in otter deariden by de Lauwersmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)