Rjochter: Jungle City mei net

09 jan 2008 - 12:42

De Ljouwerters achter boarterstún Jungle City meitsje yllegaal gebrûk fan it konsept fan boarterstún Monkey Town. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. De Ljouwerters hiene earder sels in fêstiging fan Monkey Town, mar fûnen dat se tefolle jild ôfdrage moasten oan de lanlike keten.

Se binne no fan plan om yn itselde gebou Jungle City te begjinnen. Neffens Monkey Town liket de opset tefolle op Monkey Town.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)