Rjochter jout Van Booma gelyk

15 jun 2004 - 00:00

De Ljouwerter rjochtbank hat eigner Van Booma fan swimbad Schatzenburg yn Menaam yn it gelyk steld. De gemeente Menameradiel sleepte Van Booma foar de rjochter nei spul oer djoere kaartsjes en it skoalswimmen. De gemeente easke dat de yntreepriis fan tsien euro foar it swimbad ferlege wurdt.

De rjochter hat de easken fan 'e gemeente fersmiten. It liket der no op dat de gemeente en Van Booma op 'e nij om 'e tafel sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)