Rjochter jout op skoalle les yn gefaren sosjale media

24 nov 2015 - 16:44
  • Rjochter jout skoalbern les yn gefaren social media

Bern moatte mear witte oer de gefaren fan social media en dêrom krigen learlingen fan it Drachtster Lyseum dêr tiisdei les yn. Rjochter Gert-Jan Smits kaam heechstpersoanlik del om de bern te wizen op de gefaren.

De measte bern witte wol dat der pest wurdt op social media, mar net dat it strafber is. Se stean der ek net altyd by stil dat it in soad skea oanrjochtsje kin. De rjochter wiist oan de hân fan besteande gefallen de bern op de gefaren en falkûlen. Alle jierren binne der lanlik 60.000 gefallen fan cybercrime.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)