Rjochter jout Batavus gelyk

01 feb 2002 - 00:00

Fytsefabrikant Batavus hat freedtemiddei gelyk krigen fan de rjochter yn it koart geding dat se oanspand hie tsjin it konsumintebûn. Oanlieding wie de suggestive en foute berjochtjouwing oer de priisferheging fan guon Batavusfytsen.

Twa ferskate útfieringen en modeljierren fan it populêre Batavusmodel Verona wiene mei inoar ferlike. It konsumintebûn moat no mei in rektifikaasje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)