Rjochter: gedogen keet ferbean

18 maaie 2010 - 17:08
  • Argyffoto Omrop Fryslân

De gemeente Wymbritseradiel mei yllegale keten net gedoge. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald. It Buro Earlike Mededingen hie in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente út namme fan Horeka Nederland. Keten soargje foar ûnearlike konkurrinsje.

De gemeente Wymbritseradiel hat in gedoochbelied opsteld mei strange easken foar it drinken fan alkohol en de feiligens yn 'e keten. Wethâlder Kanselaar hie de útspraak fan 'e rjochter net ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)