Rjochter foarsitter Fryske Gea

01 apr 2008 - 16:06

Rjochter Arjen_van_der_Meer wurdt de nije foarsitter fan it Fryske_Gea. Hy folget Henk Hornstra op, dy't yn novimber ferstoar. Van der Meer komt út Surhuzum en is no foarsitter fan de kantonrjochtbank fan Assen. Earder wie er kantonrjochter yn Ljouwert.

Van der Meer is ek polityk aktyf. Hy siet foar de VVD yn 'e ried fan Achtkarspelen en wie VVD-Steatelid. Van der Meer wurdt de fyfde foarsitter yn it 78-jierrich bestean fan it Gea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)