Rjochter ferbiedt rôze jurkjes

03 mrt 2006 - 16:05

Boartersguod-ymporteur Van der Meulen út Snits moat fan de rjochter sa'n 200 rôze jurkjes ferneatigje. Neffens de rjochter lykje se te bot op de jurkjes fan in konkurrint.

Van der Meulen hie de jurkjes kocht by in Amerikaans bedriuw, mar in Ingelsk bedriuw hie deselde jurkjes. Dat easke 40.000 euro fan Van der Meulen, mar dêr gong de rjochter net yn mei. It ferneatigjen fan de jurkjes en it proses kostje Van der Meulen 3500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)