Rjochter: Eringa is amtner

22 okt 2002 - 00:00

Trou-amtner Nynke Eringa hat deselde rjochten as oare amtners. Dat fynt de Ljouwerter rjochtbank. It gefolch fan de útspraak is dat b. en w. yngean moatte op it beswier dat Eringa makke tsjin har ûntslach as trou-amtner.

De gemeente sei it kontrakt mei Eringa op, omdat sy wegere in homo-houlik te sluten. Frou Eringa hat gewissensbeswieren tsjin it homohoulik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)