Rjochter bûcht him oer stjoerder

29 okt 2003 - 00:00

Omrop Fryslân stie woansdei op 'e nij foar de rjochter yn De Haach. De omrop wol graach werom op de âlde stjoerder fan Jirnsum. Sûnt desimber komt it sinjaal fan Smilde en is de ûntfangst fan Omrop Fryslân radio minder.

Ut in earder koart pleit kaam de opdracht om mei it Ryk nei in oplossing te sjen. Dat it lykwols net slagge. Neffens direkteur Gaanderse fielt de rjochter wol foar in proefopstelling op Jirnsum. Oer in wike is de útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)