Rjochter bûcht him oer saak-spoarfytsen

15 feb 2016 - 17:47
  • De spoarfyts op in stikje proefrails

De gemeente Ljouwerteradiel moat de fergunningoanfraach foar spoarfytsen tusken Jelsum en Stiens yn behanneling nimme. Dat stelde de stichting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij moandei by de bestjoersrjochter yn Grins. Ljouwerteradiel wegeret de oanfraach yn behanneling te nimmen. De gemeente wol tusken beide doarpen in fyts- en kuierpaad oanlizze. De gemeenteried hat dêr al mei ynstimd.

De bestjoersrjochter docht uterlik oer seis wiken útspraak oer it skeel.

Foarsitter Chris Rijff fan de stichting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij seit dat it foarige kolleezje fan boargemaster en wethâlders noch posityf wie oer de spoarfytsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)