Rjochter beslút oer turner Reza

03 apr 2002 - 00:00

De rjochter sil de âlde asylproseduere fan it Iraanske turntalintsje Reza en syn heit opnij besjen. Oer in pear wike wurdt dúdlik oft sy yn Nederlân bliuwe meie. De oanfraach foar in folslein nije proseduere is lykwols ôfwiisd.

De Iraniërs moasten begjin maart it AZC út. Se sitte no yn in karavan yn Langsweagen. Reza hat ferskate turntitels wûn as lid fan WIK-FTC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)