Rjochter beslút oer staking

10 maaie 2011 - 15:05

De rjochter docht tiisdeitemiddei útspraak yn it koart pleit dat shagprodusint Imperial Tobacco op 'e Jouwer oanspand hat tsjin fakbûn CNV.

Dat hat by it bedriuw in staking organisearre fanwege in skeel oer salarisferheging. Neffens it fakbûn ha alle meiwurkers rjocht op ferheging, mar de direksje wol 60 meiwurkers útslute, omdat dy earder al in taslach krigen. Mei de staking besiket it fakbûn hjir feroaring yn te bringen. De direksje wol de staking ferbiede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)