Rjochtdei wer grut sukses

16 jun 2013 - 14:20
  • De tsjerke siet grôtfol
  • Moaie kostúms op de Rjochtdei

De Rjochtdei op 'e Jouwer wie sneon wer in grut sukses. It histoarysk spektakelstik waard foar de tredde kear opfierd troch frijwilligers. Ald-boargemaster fan Skarsterlân Bert Kuiper en Hans Wiegel spilen mei as Grietman en foarsitter fan it Hof fan Fryslân. De tsjerke siet trije kear fol doe't de rjochtsaak spile waard. Ek bûten wie fan alles te dwaan. Der wie in demonstraasje fan âlde ambachten en der waarden stikjes opfierd. It spektakel wurdt om de twa of trije jier hâlden en spilet him ôf yn it sintrum fan it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)