Rjochtbank wol faker mediator

29 mrt 2007 - 10:32
  • Mediator kin helpe by konfliktoplossing

De rjochtbank yn Ljouwert wol dat konflikten faker oplost wurde mei help fan in mediator. De rjochter sil de mooglikheid fan bemiddeling troch in spesjale man of frou tenei faker nei foaren bringe by in rjochtsaak.

Ut ûndersyk docht bliken dat yn 61 persint fan de gefallen in goeie oplossing berikt wurdt mei bemiddeling. As de bemiddeling net slagget, dan kin partijen altyd noch weromkomme by de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)