Rjochtbank: Tadema fallyt

27 sep 2012 - 12:54

De rjochtbank yn Ljouwert hat it fallisemint útsprutsen oer boubedriuw Tadema út Ljouwert. Dêrtroch ferlieze 62 meiwurkers har baan. Woansdei hie it bedriuw sels it fallisemint oanfrege. Direkteur Hans Tadema liet doe witte dat der te min jild yn kas wie. Boppedat duorre it neffens Tadema ek te lang foar't it bedriuw tastimming krige fan it UWV om in reorganisaasje út te fieren.

De festiging fan Tadema yn Grins bliuwt wol bestean. Dêr wurkje op 't stuit 52 minsken yn fêste tsjinst. Kurator Matthijs Sturms wie net berikber foar kommentaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)