Rjochtbank straft Metro

06 des 2010 - 19:46

It nijsblêd Metro krijt fan de Ljouwerter rjochtbank in jier lang gjin berjochten mear ûnder embargo. It blêd hat yn novimber yn de strafsaak oer de deade poppen fan Nij Beets dat embargo skeind. De media krije yn it foar de ynformaasje oer strafsaken, mar meie dêr pas mei nei bûten komme as de saak begjint. Metro hat him dêr net oan hâlden.

De rjochtbank slút Metro dêrom foar in jier út fan it ûnder embargo krijen fan ynformaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)