Rjochtbank moat mooglik ynkrimpe

10 okt 2004 - 13:14

Nei jierren fan groei moat de rjocht- bank yn Ljouwert mooglik wer ynkrimpe. Presidint fan de rjochtbank Hangelbroek makke dat freed bekend by de ynstallaasje fan 4 nije rjochters. It ynkrimpen komt as ferrassing om't de rjochtbank de ôfrûne trije jier oardel kear sa grut wurden is.

De krimp hat te krijen mei it feit dat der yn de takomst minder saken bykomme. Echtskiedingen en ûntslachfergoedings wurde faker bûten de rjochter om regele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)