Rjochtbank Ljouwert wreidet út

25 mrt 2002 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert sil de kommende jierren flink útwreidzje mei tsien nije rjochters. Mei dy ekstra minsken hopet de rjochtbank saken flotter ôf te hanneljen.

Undersyk wiist út dat it ôfhanneljen fan saken te stadich giet. Benammen saken wêrby't de fertochte net fêstsit, rint fertraging op, om't saken wêrby't immen wol fêstsit prioriteit krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)