Rjochtbank hinderet ferset As

16 maaie 2013 - 20:37

De rjochtbank Ljouwert hat syn prioriteiten net op oarder. Dat seit de stichting Better As. Dy stichting wol dat Provinsjale Steaten opnij prate oer de Sintrale As, de nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei. Om dat foar elkoar te krijen binne se ein ferline jier nei de rjochter stapt.

Neffens foarsitter Willem Verf fan Better As docht de rjochtbank der fierste lang oer om ta in beslút te kommen. Troch drokte en de reorganisaasje bliuwe rjochtsaken te lang lizzen, fynt er.

Om't der no noch gjin beslút naam is oer it beswier fan de stichting Better As tsjin de Sintrale As, is de dyk neffens Verf daliks al sa fierhinne klear, dat it net mear te kearen is.

Neffens parserjochter Wiebe Claus fan de rjochtbank Ljouwert hâldt de rjochtbank him wol deeglik oan de wetlike termyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)