Rixt Oving foarlêskampioen

29 maaie 2009 - 22:48

Rixt Oving is freed de Fryske foarlêskampioen 2009 wurden. It famke út groep seis fan basisskoalle De Frissel yn Feanwâlden lies it ferhaal Swimme foar, út de bondel 'Frjemde kluchten' fan Auck Peanstra. Neffens de sjuery die se dat sa spannend, dat se ta winner útroppen waard. Twadde waard Paulien Koster fan De Spoarsiker út Ychtenbrêge, nûmer trije wie Geanne Panstra. Meielkoar diene der njoggen bern mei oan de finale fan de Fryske foarlêswedstryd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)