RIVM ûndersiket lucht by Harns

19 feb 2014 - 14:12
  • De ôffaloven yn Harns

De RIVM docht ûndersyk nei de luchtkwaliteit yn en om Harns hinne. Dat hat deputearre Sietske Poepjes woansdei yn de Steaten sein. Yn desimber kaam de Noardlike Rekkenkeamer mei in kritysk rapport oer de gefolgen fan de REC. Hjir kaam yn nei foaren dat ûndersyk nei de luchtkwaliteit nedich is om út te sykjen oft dit gefolgen hat foar de bewenners. De provinsje hat keazen foar it RIVM om't se wolle dat dit troch in ûnôfhinklike partij dien wurdt. It ûndersyk bestiet út in lange mjitting, oerlis mei eksperts en petearen mei ynwenners.

Njonken it dat de RIVM dwaan sil, is de Nederlandse Voedsel- en Waren Autoriteit noch dwaande mei it ûndersyk nei dioksine yn aaien om Harns hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)