RIVM: gjin útstjit bisfenol

01 apr 2009 - 22:14

It Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu, it RIVM, hat op fersyk fan de GGD Fryslân in ûndersyk dien nei de mooglike skealike gefolgen fan it ferbrânen fan bepaalde keunststoffen yn de nije ôffaloven yn Harns.

Tsjinstanners fan de oven binne bang dat mei it ferbrânen fan plastik en keunststof de gefaarlike stof bisfenol frijkomme sil. Ut ûndersyk fan de GGD wie al kommen dat dat net sa is en dy útslaggen wurde no befestige troch it ûndersyk fan it Ryksynstitút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)