Ritsma twadde yn Eindhoven

26 nov 2006 - 13:51

Rintsje Ritsma stiet nei twa ôfstannen by wedstriden om de Eindhoven Trofee twadde yn it tuskenklassemint. Nei de 500 en 5000 meter stiet Mark Tuitert earste. Hy wûn de 500 meter yn 36.98 en einige op de 5 kilometer mei 6.39.13 as twadde.

Ritsma moast op de sprint hast ien sekonde tajaan. Op de 5 kilometer wie de bear fan Lemmer fyfde mei 6.41.94. Snein giet de wedstriid yn Eindhoven fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)