Ritsma 'traint' mei maratons

03 okt 2006 - 17:10

Rintje Ritsma wol de maraton brûke as tarieding op it NK ôfstannen, begjin novimber yn Assen. De 36-jierrige Lemster wol him mei it NK pleatse foar de wrâldbekerwedstriden.

Om yn foarm te wêzen docht Ritsma dizze moanne oan fjouwer maratons mei. Hy rydt de maratons yn it pak fan Blauwestadt.nl. De fjouwerfâldich wrâldkampioen allround wit noch net oft er yn de takomst faker maratons ride sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)