Ritsma op tiid klear foar NK

13 okt 2003 - 00:00

Rintje Ritsma komt werom op topnivo. De revalidaasje fan de Lemster reedrider ferrint sûnder tsjinslaggen. Neffens coach Gerard Kemkers kin Ritsma him dit seizoen mjitte mei de top.

De Fries kaam ferline wike yn Inzell foar it earst op it iis nei't er heal augustus syn kûtbonke bruts. Nei hoeden besjoen te hawwen oft er it ankel beleste koe, begûn er mei trainen. Ritsma tinkt meidwaan te kinnen oan it NK-allround ein desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)