Ritsma nei WK Boedapest

05 feb 2001 - 16:48

Rintje Ritsma of Gianni Romme. Dat wie de grutte fraach snein yn Thialf. Wa fan beide mei nei it WK yn Boedapest? Winner fan de 5000 meter waard Romme yn 6:24:41 en Ritsma einige as fjirde yn 6:28:51.

Romme moast op It Hearrenfean foarmbehâld toane. Neffens de KNSB-kommisje foldie er net oan dy eask. Se ferkeazen de Lemster boppe titelferdigener om takom wike nei it WK allround te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)