Ritsma moat ûnder it mes

13 feb 2003 - 00:00

Rintje Ritsma moat ûnder it mes. Hy hat in oanberne ôfwiking oan in bloedfet yn de skonk. Nei it WK allround fan ôfrûne wykein, dêr't er sulver wûn, is de Lemster klear mei dit seizoen.

By ûndersyk die bliken dat de reedrider in lus yn it bloedfet hat. Dat hinderet him by it riden. By it trenen wurdt de ier ôfknypt. Dêrtroch fersoert er gauwer. Mooglik kin Ritsma noch rapper rider as er operearre is. Hy hopet dat it syn oplibbing fan no stipet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)