Ritsma jout seizoen net op

19 aug 2003 - 00:00

Reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer leaut net dat syn seizoen al oer is. Ritsma hat syn ankel brutsen by it surfen. Hy joech tiisdei in parsekonferinsje om te fertellen hoe't er tsjin dit seizoen oansjocht.

Ritsma hopet oer trije of fjouwer wiken wer op de fyts te sitten. Oer twa moanne kin dan neffens him de echte revalidaasje begjinne. Hy hopet it NK Allround yn desimber wer meidwaan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)