Ritsma hâldt definityf op

22 sep 2008 - 12:40
  • Rintsje Ritsma (foto Martin de Jong)

Rintje Ritsma hâldt der lang om let definityf mei op. Dêrmei komt der in ein oan in reedrydkarriêre fan in lytse 20 jier. Hy nimt woansdei offisjeel ôfskied, op de iepenloft-keunstiisbaan fan Flevo On Ice yn Biddinghuzen.

Ritsma wie yn syn karriêre seis kear Europeesk kampioen en fjouwer kear wrâldkampioen. It slagge 'De Bear fan De Lemmer' net om in Olympyske gouden medalje te heljen, mar hy wûn wol twa kear sulver en fjouwer kear brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)