Ritsma ek tsjin nije foarm EK

12 jun 2014 - 14:46

Ald-allroundkampioen Rintsje Ritsma is min te sprekken oer de nije opset fan it EK allround. It skrassen fan de 10 kilometer is ûntstien út in gebrek oan topsportmentaliteit by reedriders út it bûtenlân, fynt er. It ôfrûne seizoen wienen de Nederlânske riders oppermachtich op dizze ôfstân. Yn it bûtenlân wolle se net langer traine op de 10 kilometer. It ôfsizzen fan de Noarske riders op dizze ôfstân by de Olympyske Spelen yn Sotsji wie typearjend foar dizze trend, seit Ritsma.

Troch de nije opset ferdwynt neffens him net allinne de nostalgy, mar ferlieze ek de reedrydhelden harren status.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)