Ritsma dochs nei Turijn

30 jan 2006 - 16:37

Rintje Ritsma giet dochs nei de Olympyske Winterspelen yn Turijn. Hy is taheakke oan de seleksje fan de ploege-efterfolging. Ab Krook fan 'e KNSB makke dat snein bekend op ik NK yn Utert. Ritsma docht mei yn in ploech mei Sven Kramer, Carl Verheijen, Erben Wennemars en Mark Tuitert.

Om goud te winnen moat de ploech yn twa dagen tiid fjouwer wedstriden winne. De kâns is dêrom grut dat Ritsma ek ris opsteld wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)