Ritsma crosst yn Scheveningen

14 nov 2008 - 15:30
  • Rintsje docht mei oan strânrace

Rintje Ritsma docht snein mei oan de Red Bull Knock Out strânrace foar crossmotoren yn Scheveningen. Ritsma, dy't dit jier ophâlden is mei it langebaanriden, is ien fan de bekende Nederlanners dy't mei 600 amateurs de striid oangiet mei wrâldtoppers.

De Bear fan De Lemmer hat neist syn karriêre op it iis al earder meidien oan autoraces en surfkompetysjes. Hy is ek lid van de topsportadvyskommisje fan it reedridersbûn en teammanager fan it bobslydzjen yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)