Ritsma 13e op 5000 meter

01 nov 2003 - 00:00

Rintje Ritsma hat freedtejûn by de NK ôfstannen yn Thialf syn rentree makke. 'De bear fan De Lemmer', sa't er wol neamd wurdt, hie op 15 augustus by it kitesurfen syn linkerkûtbonke brutsen.

Hy kaam yn aksje op de 5 kilometer. Hy ried dy ôfstân yn 6.47,57 en waard dêrmei 13e. Teamgenoat Carl Verheijen waard earste. Jochem Uytdehaage waard twad en Bob de Jong tred. Ritsma komt net út op de 1500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)