Ritske Flootman wint Hoeve-rin

11 apr 2004 - 00:00

Ritske Flootman hat sneon yn Alde Willem (by Appelskea) de 'Hoeve aan de Wegloop' wûn. De atleet út Menaam die 59,24 minút oer de 10 Ingelske milenrin. It duorre 1 minút en 25 sekonden langer foar't de nûmer twa, Klaas van der Veen út Sint Jansklooster, binnenkaam.

Harry Jorritsma út Snits waard tredde yn 1.01,43. By de froulju wie Inge Wulffelé fan Ljouwert de rapste yn 1.17,38.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)