Rit mei autopets op Ofslútdyk

19 apr 2014 - 11:28
  • Autopet
  • Autopet oer de finish by de Ofslútdyk
  • Autopet by de Ofslútdyk

Op de Ofslútdyk tusken Den Oever en Harns wie sneon in tiidrit mei hast 100 autopetten. Under har wienen sa'n tsien Friezen. It gie om in inisjatyf fan de Nederlandse Autoped Federatie en de frijwilligers fan Friesland Beweegt. De start wie om 12.30 oere op de slûzen by Den Oever. De finish wie op de dyk by kamping De Zeehoeve, oan de Westerseedyk by Harns. Dielnimmers rieden op grutte autopets, sa't dy bygelyks ek brûkt wurde by de stepalvestêdetocht. Dêrmei kin 40 kilometer yn de oere helle wurde.

De tocht wie swier fanwege de wyn.

Der wienen ek dielnimmers út Dútslân en Frankryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)