Rispinge ferlern troch waar

06 aug 2002 - 00:00

Boeren yn it noarden fan Dongeradiel binne slim dupearre troch de fikse rein, 100 mm, fan de lêste dagen. De helte fan de jirpelrispinge by Nes en Ternaard is ferlern. Foar guon boeren rint de skea op oant 200.000 euro.

De boeren ha lijen om de holle boppe wetter te hâlden. Finansjeel sitte se yn swier waar. De NLTO ûndersiket oft skea fan it waar kompensearre wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)