Riskante brân De Blesse

24 jan 2008 - 12:13
  • Benzinepomp tsjinoer de brân wurdt wiethâlden

By in útslaande brân binne tongersdei oan 'e Stienwikerwei yn De Blesse in wenbuorkerij en in skuorre útbaarnd. Twa hûnen binne omkaam, minsken rekken net ferwûne. Yn 'e skuorre stiene auto's. De reek wie fan fier te sjen.

Ynwenners fan De Blesse moasten ruten en doarren tichthâlde. In benzinepomp tsjinoer de brân waard wiethâlden. In pjutteboartersplak is ûntromme. De dyk Wolvegea-De Blesse wie ôfsluten foar helptsjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)